Frou ferwûne troch kûgel

26 apr 2011 - 14:07

In 29-jierrige frou út Tsjom is moandeitemiddei ferwûne rekke troch in kûgel. Se siet mei har gesin yn de tún achterhûs doe't se in klap tsjin it boarst fielde. Se seach dat se ferwûne wie en dat it blette.

Nei in wiidweidich buertûndersyk die bliken dat in 38-jierrige buertbewenner mei in fjoerwapen trije kear sketten hie. Hy hie fan syn eigen hiem ôf op kraaien sketten. Mooglik is ien fan dy kûgels út de loft fallen en hat dy de frou rekke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)