Frou ferwûne by stekynsidint

02 nov 2014 - 12:40

Yn Drachten is in 47-jierrige frou sneontejûn ferwûne rekke oan de skonk by in stekynsidint. De plysje krige jûns let in melding dat in frou ferwûne rekke wie by in rûzje yn in hûs oan de Lijsterstraat. De plysjes fûnen de frou yn de tún. It slachtoffer is mei de ambulânse nei it sikehûs brocht. In 48-jierrige man út Drachten is as fertochte oanhâlden en meinaam nei it plysjeburo.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)