Frou ferwûne rekke op skip

18 apr 2006 - 10:03

In frou út Anna Paulowna is snein yn de haven fan Flylân ferwûne rekke by in oanfarring tusken in klipper en in sylboat. Troch de oanfarring bruts op ien fan de skippen in mêst dy't op har fuotten telâne kaam.

De frou kaam fêst te sitten tusken de mêst en de reling. Se is fan board helle en mei de rêdingsboat nei de fêste wâl brocht. Yn it sikehûs waard dúdlik dat de frou in skuorke yn har pols hie.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)