Frou ferwûne op Lauwerseewei

24 mrt 2007 - 15:34

In autobestjoerster (54) út Dokkum is freed op de Lauwersseewei ferwûne rekke. Se ried op de foarrangsdyk nei Aldtsjerk. Doe't se de ôfslach Burdaard foarbykaam, waard se oanriden troch in auto bestjoerd troch in man út Burgum (50). Dy ried de wei op, mar hie de frou foargean litte moatten.

De man rekke ek noch in auto fan in oare Burgumer fan 37 jier. De frou is mei pine yn de nekke nei it sikehûs brocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)