Frou ferwûne op de A7

20 maaie 2011 - 13:52

Op de A7 tusken De Jouwer en It Hearrenfean is freed in frou troch ûnbekende oarsaak mei har auto yn de middenberm bedarre. Se is in pear kear oer de kop slein en dêrby ferwûne rekke. De ambulânse hat har nei it sikehûs brocht.

Bergers hawwe de auto fuotsleept. Troch it ûngelok ûntstie fiif kilometer stadich ridend ferkear. Minsken hiene dêrtroch 20 minuten fertraging.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)