Frou ferwûne op A7 by Drachten

26 aug 2002 - 00:00

Op de A7 by Drachten is moandeitemoarn in frou út Grins ferwûne rekke. Har auto waard oanriden troch in wein bestjoerd troch in ynwenner fan Den Andel. Hy seach har oer de holle by it ynfoegjen op in fersmelling fan twa nei ien rydbaan.

Beide auto's kamen yn 'e bjirm telâne. De frou út Grins klage oer in seare nekke en is nei it sikehûs ta brocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)