Frou ferwûne by oanriding Grou

19 jan 2005 - 07:01

By in ûngelok yn it Grouster Hoflân is fan 'e middei in 46-jierrige frou ferwûne rekke. Se siet yn auto by in man út Warten, dy't op de dyk tusken Wergea en Grou in shovel ynhelje woe. Op dat stuit sloech de shovel krekt ôf nei links.

De frou rekke yn 'e knipe en is mei de ambulanse nei it sikehûs brocht. It ferkear hat gjin lest hân fan opstoppings.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)