Frou ferwûne by oanriding A7

25 feb 2007 - 14:51

In 28-jierrige frou út Grins is sneontemiddei ferwûne rekke by in oanriding op de A7. De frou ried yn de rjochting fan Drachten en hie in foar har ridende auto net op tiid sjoen. Beide auto's rekken inoar.

De frou kaam mei har auto ta stilstân yn de rjochterbjirm. De oare auto kaam yn de middenbjirm telâne. De frou is mei ûnbekende ferwûnings oerbrocht nei it sikehûs yn Drachten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)