Frou ferwûne by oanriding

16 jul 2009 - 10:17

In 36-jierrige frou út Stiensgea is woansdeitemiddei ferwûne rekke by in oanriding op de A7 by Terwispel. De bestjoerster moast remje foar it ferkear dat stilstie. In man achter har seach dat te let en botste op de auto fan de frou.

Dy sloech twa kear oer de kop en bedarre yn de middenberm. De frou hie ferwûnings oan de nekke en is nei it sikehûs fan It Hearrenfean brocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)