Frou ferwûne by oanriding

23 nov 2007 - 10:24

By in botsing yn Wytmarsum is tongersdei in frou (77) út dat doarp ferwûne rekke. Se siet by in frou yn de auto dy't op in krúspunt links ôfsloech en doe in oare auto oer de holle seach.

Njonken de frou út Wytmarsum rekke in bern út de oare auto ferwûne. Dat koe nei behanneling yn it sikehûs wer nei hûs. De frou út Wytmarsum moast dêr wol bliuwe.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)