Frou ferwûne by oanriding

14 des 2006 - 10:09

Op de Weeme yn Aldeberkeap is woansdei in 54-jierrige frou út Aldeberkeap slim ferwûne rekke by in oanriding. De frou rûn mei har man oan de kant fan de dyk. Se waarden oanriden troch in auto. De bestjoerder hat de man en de frou nei alle gedachten net sjoen.

De frou waard fol rekke troch de auto. Se moast mei de sike-auto nei it UMCG yn Grins brocht wurde. De plysje docht ûndersyk nei wat der bard is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)