Frou ferwûne by oanriding

30 sep 2006 - 14:09

in 23-jierrige automobiliste út Lippenhuzen is freedtemiddei ferwûne rekke by in ûngelok op de Boerestreek yn Lippenhuzen. De frou woe de dyk opride, mar seach dêrby in achteropkommende auto oer de holle.

Dy auto waard bestjoerd troch in 45-jierrige ynwenster fan Wynjewâld. De 23-jierrige frou rekke ferwûne oan de holle en nekke. Se is mei de ambulânse oerbrocht nei it sikehûs.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)