Frou ferwûne by oanriding

04 jun 2006 - 12:39

Yn de buert fan it VVV-kantoar oan it Merkplein yn Snits is sneontemoarn in frou út Boalsert ferwûne rekke. Se soe de dyk oerstekke, mar waard rekke troch in motorrider. De frou foel en rekke ferwûne oan rêch en knibbel.

De motorrider stie wol eefkes stil, mar sei dat er hastich wie en ried troch. De frou is mei de ambulânse nei it sikehûs yn Snits brocht. De plysje stelt in ûndersyk yn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)