Frou ferwûne by oanriding

13 apr 2011 - 10:39

In 46-jierrige automobiliste út Bûtenpost is tiisdei op de Uterwei yn Stynsgea slim ferwûne rekke by in oanriding. De frou joech wierskynlik gjin foarrang oan in 82-jierrige automobilist, wêrnei't se op elkoar botsten.

De frou moast troch de brânwacht út de swier skansearre auto helle wurde en is dêrnei nei it sikehûs fan Drachten brocht. Har ferwûnings wiene sa slim dat se letter op de dei nei it UMCG yn Grins oerbrocht is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)