Frou ferwûne nei oanriding

27 aug 2014 - 12:20

Yn Frjentsjer is in 75-jierrige fytster út Achlum tiisdeitemiddei ferwûne rekke by in oanriding oan de Edisonstrjitte. Se fytste oer it fytspaad wylst in 71-jierrige autobestjoerder, dy't út de rjochting fan de Harnzerstrjitwei kaam, oerstekke woe. De bestjoerder joech de frou gjin foarrang wêrtroch't de oanriding ûnstie.

De frou is mei in pynlike skonk oerbrocht nei it sikehûs.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)