Frou ferwûne by botsing bitewein

25 nov 2004 - 09:34

By in ûngelok op de dyk tusken Ferwert en Holwert is woansdei in frou ferwûne rekke. Se botste mei har auto op in kantele frachtwein mei biten. Se is nei it sikehûs brocht. De passazjier rekke ek ferwûne. De frachtauto is trochskood de sleat yn. De sjauffeur kaam mei de skrik frij.

De frachtauto ried nei alle gedachten te hurd en is kantele. De lading fan 30 ton biten lei oer de dyk. De N357 wie oant 12.00 oere ôfset foar ferkear.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)