Frou ferwûne by brân

08 feb 2012 - 10:36

In 23-jierrige frou út Easterwâlde is tiisdei ferwûne rekke by in brân yn har hûs oan de Menninge. De frou wie yn de keuken oan it fritueren doe't brân yn de panne ûntstie. De flammen sloegen oer nei de keuken en de bykeuken.

De frou, har dochterke fan 2 jier en de hûn koene sels it hûs út komme. In kat kaam yn de flammen om. De frou is mei ferwûnings oan de hân nei it sikehûs yn Drachten brocht. De buorlju moasten ûnder it blussen harren hûs út.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)