Frou ferûngelokke by Hartwert

10 aug 2010 - 10:40

In 19-jierrige frou út Parregea is yn de nacht fan moandei op tiisdei om it libben kaam troch in ûngelok by Hartwert. De frou ried oer de Kleasterwei en kaam yn de berm telâne en botste tsjin in beam. Dêrnei rekke de auto yn de sleat.

De frou koe noch op eigen krêft út har auto komme, mar rekke dêrnei út de tiid. In tsjûge belle de helptsjinsten. It slachtoffer waard nei it sikehûs yn Grins brocht. Dêr is se letter oan har ferwûnings ferstoarn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)