Frou fertocht fan fertsjustering jild foar siik famke

02 feb 2016 - 16:47

In frou út Twizelerheide hat neffens de plysje jild achteroerdrukt, dat bestimd wie foar in siik famke (5) yn Limboarch. It jild waard troch in groep ynwenners fan Twizelerheide mei ferskate aksjes byelkoar brocht. Doel wie dat it famke dêrmei nei Disneyland Parys soe. De frou wie ien fan de ponghâlders fan de aksje en soe it jild oermeitsje nei de âlden fan it famke.

Yn Twizelerheide ûntstie nei de aksje twivel oft se dat wol dien hie. Dêrom waard de plysje ynskeakele. Dy die ûndersyk en dêr die út bliken dat se it jild sels brûkt hat.

Tsjin de frou is proses-ferbaal opmakke. Uteinlik is der noch wol in lyts bedrach nei it famke oermakke.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)