Frou fan Foppe seit NEE

07 des 2007 - 14:02
  • Foppe is net beskikber foar de funksje fan bûnscoach fan it Nederlâns Alvetal

Foppe de Haan mei fan syn frou net bûnscoach fan it Nederlâns alvetal wurde. Dat seit er yn in tillefyzjeprogramma fan de NCRV, dat snein útstjoerd wurdt. Fannewike waard bekend dat bûnscoach Marco van Basten nei it EK fan takom jier ophâldt.

Jong Oranje trainer de Haan waard doe fuortendaliks neamd as mooglike opfolger. De Haan seit no dat er syn frou beloofd hat dat er de funksje net op him nimme sil.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)