Frou fan beurs bestellen

23 apr 2011 - 14:03

In frou (76) út Ljouwert is freedtejûn yn har hûs oan de Archipelwei bestellen fan har beurs. Der waard om kertier oer achten by har oanbelle troch in gûlend famke. Se frege oft se even belje mocht. De frou joech har in gleske wetter en it famke brûkte har telefoan.

Doe't se nei tsien minuten wer fuortgie, miste de frou har beurs. De frou hat de plysje belle en dy hat in boargernetaksje start, mar it famke is net fûn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)