Frou fan autodyk A7 treaun

21 sep 2009 - 12:54
  • It bestelbuske bedarre njonken de autodyk (foto: Martin Nuver, 112 Grinslân)

In automobiliste (43) út Burgum is sneintejûn op de A7 by Mearum troch in oare bestjoerder fan de dyk treaun.

De man ried mei sa'n faasje tsjin de achterkant fan 'e bestelbus fan de frou oan, dat dizze oer de fangrail skeat, in pear kear oer de kop sloech en neist de dyk bedarre. De bestjoerder frege noch wol hoe't it mei de frou wie, mar naaide dêrnei út. Om't syn kenteken notearre wie, koe de plysje de auto yn Drachten werom fine. De auto is yn beslach naam.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)