Frou falt plysje Snits oan

29 aug 2010 - 13:39

In frou (41) fan Aldegea Wymbrits hat sneontenacht yn Snits twa plysjes oanfallen. De plysjes stiene yn de Grote Kerkstraat mei in fertochte op transport te wachtsjen. De fertochte wie kunde fan de frou. De frou sprong by ien fan de plysjes op 'e rêch.

De plysjes woene de frou oanhâlde, mar waarden hindere troch omstanners. Troch de wapenstok te brûken koene de plysjes de groep fan har ôf hâlde. De groep naaide út doe't der twa plysje-auto's foar fersterking oankamen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)