Frou falt mei scooter

30 nov 2003 - 00:00

In 20-jierrige frou út Ljouwert is sneon yn har wenplak nei in falpartij mei de scooter ferwûne rekke. Se ried op it fytspaad dêr't ek twa manlju rûnen. Se moast ynienen remje doe't ien fan har samar oerstuts. Se kaam te fallen. De fuotgongers fregen net hoe't it mei har wie en rûnen gewoan fierder.

De plysje freget oft de man him melde wol (tel. 0900-8844). De man hat in snor, is 1.80 meter, ljochtbrún hier en hy hie in blauwe jas oan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)