Frou byt portier yn 'e hân

23 mrt 2013 - 15:04

Twa stappers binne it kommend jier net mear wolkom by in grut tal hoarekasaken yn Ljouwert. Se hawwe in ferbod krige. In frou (25) biet in portier yn 'e hân. Se die dat omdat se fan de portier de kroech út moast. Se hie mei oare stappers drank meinaam nei binnen en dat mocht net. Doe't se dêrop oansprutsen waard, waard se lilk.

In Ljouwerter (35) krige in hoarekaferbod om't hy in portier bedrige. Dy hie de broer fan de man trapearre op it brûken fan drugs. In Ljouwerter (21) bemuoide him dermei en misledige de plysje. Hy is oanhâlden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)