Frou brûkt geweld by stellerij

01 des 2012 - 11:33

In frou (33) út Warten is freedtejûn by in supermerk oan de Emmakade yn Ljouwert oanhâlden op fertinking fan stellerij mei geweld. De frou waard betrape doe't se blikjes bier stelle woe. In personielslid woe de frou oanhâlde, mar waard dêrby slein. De plysje is der by helle en dy hat de frou oanhâlden. Se is meinommen nei it buro en dêr foar neier ûndersyk ynsletten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)