Frou botst op hûs De Harkema

05 jan 2013 - 10:51
  • De auto botste tsjin in hûs op 50 meter fan de Betonwei
  • De skea oan it hûs oan de Betonwei is grut

In frou (38) út Koatstertille is freedtejûn op de gevel fan in wenhûs op De Harkema botst. Dat barde nei in útwykmanoeuvre om in oanriding mei in tsjinlizzer foar te kommen. Troch ûnbekende oarsaak kaam de frou op de ferkearde helte fan de Betonwei terjochte. Dêr kaam krekt in man (27) út Bûtenpost yn in bestelauto oanriden. Dy koe mar krekt in oanriding foarkomme. Beide auto's wykten út, wêrby't de auto fan de frou fia de parallelwei en in foartún tsjin it hûs botste.

De frou rekke lichtferwûne, mar hoegde net nei it sikehûs.

Ut ûndersyk die bliken dat har rydbewiis ûnjildich ferklearre wie. Boppedat wie har auto net fersekere. De ravaazje oan it wenhûs, dat sa'n 50 meter fan de dyk ôf leit is grut. De bewenners binne slim skrokken fan it ûngelok, mar binne fierder net ferwûne rekke.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)