Frou bewusteleas op fytspaad

11 mrt 2012 - 13:48

In 22-jierrige frou út Ljouwert is sneontenacht bewusteleas fûn op in fytspaad oan it rivierke De Potmarge yn de stêd. Ien seach har lizzen. Om't de frou net oansprekber wie, warskôge de tsjûge de helptsjinsten.

Yn it sikehûs die bliken dat de frou slein wie troch in ûnbekende man. De plysje ûndersiket de mooglike mishanneling.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)