Frou betrape op smokkeljen fan drugs yn finzenis Ljouwert

28 nov 2014 - 10:16
  • Finzenis De Marwei yn Ljouwert

In 23-jierrige frou út Ljouwert is tongersdei oanholden foar it smokkeljen fan drugs yn de finzenis fan Ljouwert. De frou besocht by in besite oan ien fan de detinearren fjouwer boltsjes drugs nei binnen te smokkeljen.

By in kontrôle sloech de drugshûn fan de plysje oan doe't de frou foarby kaam. Doe't de frou fûillearre waard, fûn de plysje de drugs. De 23-jierrige fertochte is meinaam nei it buro. De drugs binne yn beslach naam.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)