Frou betinkt gizelingsferhaal

21 jan 2011 - 14:32

De 43-jierrige frou út It Hearrenfean dy't by de plysje oanjefte dien hie fan gizeling en oanranding troch in ûnbekende man, hat dit ferhaal betocht. De frou melde har woansdeitejûn by de plysje mei it ferhaal dat in ûnbekende man har yn de auto lokke hie. Se soe nei 10 minuten út de auto ûntkaam wêze.

Ut ûndersyk en petearen mei de frou die bliken dat it ferhaal net kloppe. Wêrom't de frou it ferhaal betocht hat, is noch net dúdlik.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)