Frou besiket Ljouwerter winkel ôf te setten

10 mrt 2015 - 11:38
  • Winkelstrjitte de Nijstêd yn Ljouwert

Yn Ljouwert hat de plysje moandeitemiddei in 38-jierrige frou út Ljouwert oanhâlden. Yn in winkel oan de Nijstêd hie se besocht klean werom te bringen mei in priiskaartsje dat net by de klean hearde. Ek kaam it stik net út dy winkel. De frou hat dizze trúk nei alle gedachten faker úthelle. Se is meinaam nei it buro en ynsletten foar ferhoar.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)