Frou berôvet man fan telefoan

08 des 2012 - 12:09
  • Mobyltsje

In 21-jierrige Ljouwerter is freedtenacht fan syn tillefoan berôve op de Gardenierswei yn syn wenplak. Om healwei twaen hinne waard de man oansprutsen troch in frou mei de fraach oft hy foar har sjen woe oft der noch treinen rieden. It slachtoffer liet har syn tillefoan sjen en sei dat er dêr gjin ynternet op hie. Sy pakte him de tillefoan út de hannen en naaide út.

De plysje is op syk nei de frou. It giet om in frou mei in kleure hûd en swart krolhier. Se hie in lange, donkere jas oan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)