Frou berôve yn Snits

10 nov 2005 - 11:31

Yn Snits is in 73-jierrige frou fan har tas berôve. Op de Steenklip treau immen har fan de fyts. De dief krige de tas út de linker fytstas en fytste doe hurd fuort. Tsjûgen fan de oerfal kinne harren melde by de plysje, 0900-8844.

Fierders binne in oare 73-jierrige frou en in 76-jierrige frou, beide út Snits, ek bestellen. Se misten de beurs dy't yn de tas siet, mar se hiene net yn de gaten dat se bestellen waarden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)