Frou berôve fan taske

03 jul 2010 - 14:58

In 68-jierrige frou is freed yn Ljouwert berôve fan har hantaske. Se hie de tas yn it kuorke fan har rollator. Op de Rengersleane kaam har in frou op 'e fyts temjitte, dy't stoppe en it taske pakte. De frou hâldt de tas fêst en waard meilutsen.

Doe't de dief in skuor oan de tas joech, foel it slachtoffer en rekke ferwûne. De dieder fytste hurd fuort. In tsjûge is der noch achteroan gien, mar koe de frou net mear achterhelje. Hy fûn de tas werom, dêr miste neat út.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)