Frou berôve en mishannele

13 nov 2012 - 10:37
  • Geweld

In frou fan 21 jier út Haarlem is dit wykein ferwûne rekke by de stellerij fan har tas yn Ljouwert. Ien fan de trije ynsitters fan in auto besocht de tas ôf te pakken neidat de frou pind hie. Doe't der drige waard mei in mes joech se de tas ôf. Dêrnei draafde se fuort, mar de bestjoerder fan de auto gie achter har oan en sloech har in tal kearen op 'e holle. De frou rekke dêrtroch út de tiid.

De ynsitters naaiden dêrnei út. De plysje is no op syk nei se en hopet op tips fan tsjûgen. De bestjoerder fan de auto soe in Limburchsk aksint ha.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)