Frou Beimers yn 'e steek litten

16 sep 2003 - 00:00

Helpferlieningsorganisaasje Dorkas wol de misjepost fan Tryntsje Beimers(81) yn Kilangala yn Tanzania net langer stypje. De sendelinge út it Bilt is al 50 jier warber yn Tanzania. Beimers hat dêrom fan har stipekomité yn Sint Anne in nije sike-auto krigen bûten Dorkas om. Foar Dorkas is dat oanlieding om alle help oan de misjepost te skrassen.

It komité yn Sint Anne stiet der no allinnich foar. It komité is ferbjustere oer it beslút fan Dorkas.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)