Frou beetpakt en ûnderflibe

07 aug 2011 - 15:22

De plysje hat sneontenacht in 40-jierrige man út It Hearrenfean oanhâlden foar mishanneling. Hy soe in 22-jierrige frou út Wolvegea beetpakt en ûnderflibe hawwe. Dat wie om 6 oere moarns op de KR Poststrjitte.

In 23-jierrige plakgenoate woe de man oan de kant drukke. Sy krige in hurde klap. De froulju warskôgen de plysje en koene in dúdlik sinjalemint trochjaan. De man is oppakt yn de Primulastrjitte. Hy sit noch fêst.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)