Frou bedriget jonge mei in mes yn Snits

15 jan 2016 - 10:33

De plysje hat tongersdeitejûn yn Snits in frou fan tweintich jier oppakt, omdat se in jonge bedrige hie mei in mes. Se kaam yn in stege yn de stêd op him ôf en makke stekkende bewegingen yn syn rjochting. De jonge rûn gau troch en belle yn in kroech de plysje. Dy hat de frou oppakt.

Deselde frou soarge ferline wike yn Ljouwert ek al foar konsternaasje troch minsken mei in mes te bedriigjen. Neffens de plysje giet om in frou dy't bot yn de war is en dy't psychyske help ha moatte soe.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)