Frou bedriget har broer mei in mes yn Nijemardum

18 jul 2015 - 12:12

In 36-jierrige frou is freedtejûn oppakt om't se har broer mei in mes bedrige hat. It ynsidint fûn plak yn in hûs oan de Lyklamawei yn Nijemardum. Doe't de plysje kaam, hat dy yn de auto fan de frou twa messen fûn. Dy binne yn beslach naam.

De frou is meinaam nei it plysjeburo. Wêrom't se har broer bedrige hat, is noch net dúdlik.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)