Frou bedriget frou mei mes

19 apr 2009 - 14:24

Yn Mûnein is dit wykein flink wat skea oanrjochte troch in 36-jierrige frou dy't lilk wie op in oare frou. Se wie yn ferbân mei relasjonele problemen nei de de wenning fan har slachtoffer riden. Dêr raamde se earst de auto.

Dêrnei fernielde se in pear ruten en gong nei binnen. Dêr bedrige de iene frou de oare mei in mes. De plysje wie yntusken warskôge en dy hat de fertochte frou oanhâlden en meinommen nei it plysjeburo.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)