Frou bedarret mei Pontiac te wetter yn Dokkum

27 jul 2015 - 17:14
  • De auto bleau op de râne hingjen

In frou is moandeitemiddei mei har auto yn it wetter bedarre oan de Halvemaanspoort yn Dokkum. It slachtoffer rekke de macht oer it stjoer kwyt en ried it wetter yn. De frou koe sels út de auto komme. Dy hong heal yn it wetter. In bergingsbedriuw hat de auto út it wetter helle. Ambulânsepersoniel hat it slachtoffer opfongen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)