Frou achterút de sleat yn

04 jul 2013 - 12:03
  • Plysje-embleem

In 58-jierrige frou út de gemeente Menameradiel is woansdei mei har auto yn de sleat bedarre op de Koudeweg yn Berltsum. Dat barde doe't se achterút ride soe. De frou rekke net ferwûne.

De plysje ûntduts wol dat de frou tefolle alkohol op hie, se hie trije kear safolle op as tastien. Sy moast it rydbewiis ynleverje en krige in proses-ferbaal.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)