Frou (98) wer thús oerfallen

25 feb 2011 - 10:29

In frou fan 98 jier út Haskerhoarne is tongersdeitejûn foar de twadde kear yn twa wike tiid it slachtoffer wurden fan ynbrekkerij. De frou hearde leven by har yn 'e hûs. Doe't se derhinne gie om te sjen, stie der in man by har yn de keamer, dy't jild hawwe woe. Dêr't se by wie, bruts er kasten iepen en helle dêr jild út. Dêrnei is de man útnaaid.

De plysje tinkt dat it deselde man is dy't twa wiken ferlyn ek ynbrutsen hat by de frou.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)