Frou (88) fan de stoepe riden

23 jun 2011 - 12:01

In 88-jierrige frou út Harns is woansdeitemiddei swier ferwûne rekke by in ûngelok op de Noorderhaven yn har wenplak.

De frou stie mei har rollator op de stoepe, doe't se troch in frachtwein oanriden waard. De 47-jierrige sjauffeur belle daliks de helptsjinsten. It slachtoffer is mei ferwûnings oan de skonken nei it sikehûs yn Grins brocht. De sjauffeur is heard as fertochte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)