Frou (85) yn Ljouwert oerfallen

17 jan 2005 - 13:53

De plysje hat sneintejûn yn Ljouwert trije ynwenners oanhâlden foar de oerfal op in frou fan 85. In jonge (16) hie de frou yn de hal fan har hûs oan de Hollanderdyk fan har tas bestellen. Dy hie er dêrnei oan de oare twa jûn, in famke fan 15 en in man fan 21.

In tsjûge sette de plysje op it spoar fan it famke. Dat waard flak nei de oerfal oanhâlden. De oare twa fertochten waarden letter op de jûn arresteard.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)