Frou (85) slachtoffer strjitrôf op It Hearrenfean

25 nov 2014 - 09:40
  • Plysje

In 85-jierrige frou fan It Hearrenfean is moandeitemiddei yn de Skoalsteech yn har wenplak oerfallen. In ûnbekende man pakte har tas ôf. Dat gie mei sa'n geweld dat de frou kaam te fallen. Sy rûn derby in brutsen noas op en de bril gie ek stikken. In ûnbekende persoan is mei de tas útnaaid.

De plysje nimt de saak heech op en is op syk nei tsjûgen. Wa't wat sjoen hat, wurdt fersocht de plysje te skiljen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)