Frou (85) fertoant gefaarlik rydgedrach

20 jun 2015 - 12:57
  • Plysje-auto op de Skrâns yn Ljouwert

In automobiliste (85) út Ljouwert is freedtemiddei har rydbewiis kwytrekke nei't se libbensgefaarlik rydgedrach fertoande. In plysje seach de frou riden. Se ried troch read ljocht, ried hurd oer de Aldlânsdyk en ried in fytspaad op wêrby't se hast in fytser oanried. Ferkear op krusings krige gjin foarrang fan de frou. It is neffens de plysje in wûnder dat der gjin ûngelokken bard binne.

Doe't de frou op de Skrâns parkearde, koe de plysje har oanhâlde. Har rydbewiis wurdt opstjoerd nei it CBR.

It CBR mei útmeitsje oft de frou noch ride kin.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)