Frou (84) besocht te berôvjen

26 apr 2007 - 10:39

De plysje siket tsjûgen fan in mislearre strjitrôf, earder dizze wike yn Drachten. In 82-jierige frou rûn tiisdeitemiddei op 'e Houtleane doe't in jonge fan in jier of tolve besocht har tas ôf te pakken. Dat mislearre en de fertochte fytste hurd fuort tegearre mei twa oare jonges.

Neffens de frou hie de jongen in brún shirt oan. Minsken dy't der mear fan witte, kinne belje mei de plysje op 0900-8844.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)