Frou (82) ferwûne yn Frjentsjer

30 des 2006 - 15:06

In frou fan 82 jier út Frjentsjer is freed ferwûne rekke by in ûngelok yn har wenplak. It slachtoffer fytste oer in brêge doe't in losrinnende hûn tsjin it foartsjil fan har fyts botste.

De frou gong ûnderút. Se rekke ferwûne oan it skouder en de heup en waard oerbrocht nei it sikehûs. De eigneres fan de hûn wie nei it ûngelok trochrûn. De plysje is op syk nei har.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)