Frou (80) thús oerfallen

13 jan 2006 - 14:46

In frou fan 80 út Ljouwert is tongersdeitejûn let bestellen yn har wente oan de Tjerk Hiddesstrjitte.

In ûnbekende man belle by de frou oan. Omdat se de doar net iepen die, sloech de man in rút yn en die doe sels de doar fan 't slot. Dêrnei mishannele er de frou. De man naaide letter út mei ûnder oare de beurs en pinpas fan de frou. De plysje is noch op syk nei him.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)